Syktocht nei drinkelingen yn Ljouwert, ien persoan nei it sikehûs brocht

Dûkers fan de brânwacht hawwe yn de nacht fan freed op sneon oan de Emmakade yn Ljouwert in persoan út it wetter helle en nei it sikehûs brocht.
© CAMJO Media

Drinkeling, swier ûnder ynfloed, wol net út wetter komme

In wenboatbewenner die de melding. Dy miende meardere persoanen te hearren. By oankomst seach de brânwacht in jonge yn it wetter stean. Hy woe der net útkomme. Doe hat de brânwacht hat him der mar út tild.
De jonge wie sa ûnder ynfloed dat er net wist oft der mear persoanen yn it wetter rekke wie. Dêrom hat de brânwacht fierder socht yn it wetter nei in twadde persoan, mar der is gjinien oantroffen. Der is ek socht mei in heechwurker en in waarmtebyldkamera.