LIVEBLOG: Sinteklaas komt oan yn Fryslân

17 nov 2018 - 13:25

Op sneon 17 novimber komt Sinteklaas wer oan yn Fryslân. Dit bart yn ferskate plakken yn de provinsje. Omrop Fryslân is derby en docht ferslach fan it hiele barren. Folgje it liveblog om op de hichte te bliuwen fan wat der bart.

17:08

Dêrmei komt der in ein oan dit liveblog.

17:01
FIDEO: Ien grut feest

Wylst folwoeksenen drok wienen mei demonstraasjes en de kleur fan swarte pyt, wie de yntocht fan Sinteklaas foar de bern yn Dokkum en Ljouwert ien grut feest.

15:20
Akkrum
Foto: Omrop Fryslân
14:59
Amerigo is der ek! Op de Jouwer
Foto: Omrop Fryslân
14:29
De Sint yn Dokkum
14:28
Sitewaasje yn Ljouwert

Yn Ljouwert binne de anty-Swarte Pitedemonstranten ôffierd yn ME buskes. Dit waard dien foar harren eigen feiligens. Fierder is it rêstich yn de stêd, en fiere de bern feest.

14:22
De Sint yn Snits
14:22
Feest yn Dokkum, gjin demonstraasjes

Sinteklaas is yntusken ek yn Dokkum oankaam. De sfear is goed en der wurdt troch gjin ien demonstrearre tsjin Swarte Pyt, ek al wie dit wol oankundige.

14:06
De Sint op toer troch Ljouwert
14:06
In boat fol Swarte Piten en Sinteklaas op De Jouwer
14:05
Drokte yn Dokkum
13:51
Pipernuten, tige wichtich fansels!
13:48
Feest yn Snits

Ek yn Snits is it feest, want Sinteklaas en syn Piten hawwe ek dizze Fryske stêd wer oandien. Pakjesboat 12 leit yn Zaanstad, en dus moast der foar Snits útweken wurde nei Pakjesboat 15.

13:45
13:41
13:27
De sitewaasje op it Saailân op dit stuit

De ME en de plysje hawwe buskes tusken de demonstranten en de treppen fan it Hôf fan Justysje delset. Ek steane der rûnom de demonstranten plysjeaginten.

13:22
Ek yn Drachten wurdt útsjoen nei de Sint
13:21
Hy is der!
Foto: Omrop Fryslân
13:10
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
12:52
Swarte Pyt is klear foar de tocht troch Ljouwert
12:46
Stuntpyt soarget foar sensaasje
Foto: Omrop Fryslân
12:41
Swaaie nei de Sint en syn Piten
Foto: Omrop Fryslân
13:04
In omstanner fynt de demonstraasje in provokaasje

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei in omstanner

12:24
Demonstranten bliuwe yn har fak

De anty-Pytdemonstranten bliuwe dochs yn har demonstraasjefak stean. De boargemaster wie hiel dúdlik: jimme moatte yn it fak, en oars folgje der maatregels. It risiko fan oanhâlding wie foar de dielnimmers te grut.

De minsken om de demonstraasje hinne fine de aksje beskamsum. Benammen de shirts mei 'Zwarte Piet is Racisme' fynt it publyk om it demonstraasjefak hinne in provokaasje. "Ik bin iepen om de oare kant te hearren, mar ik tink dat sy provokatyf dwaande binne", sa seit in frou dy't eefkes fierderop op de treppen fan it Hôf fan Justysje sit.

12:18
Boargemaster Crone yn petear
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Boargemaster Crone is krekt lykas de gemeente fernuvere oer de argewaasje by de demonstranten tsjin Swarte Pyt yn Ljouwert. "Wij hebben keurig met ze overlegd, en we zijn uitgekomen op deze plek", sa seit Crone. De demonstranten binne it net iens mei de lokaasje fan harren demonstraasjefak. It soe te fier by de rûte wei wêze. Crone is it dêr net mei iens: "Het is tussen de 18 en 25 meter vanaf de stoet, en ze staan op een doorgaande weg. Dus ze kunnen hun verhaal kwijt aan de voorbijgangers en de stoet. Ik heb ze niet weggestopt in een hoekje."

As de demonstranten har net hâlde oan it demonstraasjefak, dan meie se fuorthelle wurde, sa seit Crone. "De politie zal de richtlijnen opvolgen van justitie en van mij. Want iedereen moet vrije doorgang hebben."

Yn Dokkum is it rêstich, sa sjocht ferslachjouwer Hayo Bootsma. Der is wol in soad plysje oanwêzich, mar dy hawwe foar de rest noch neat te dwaan. "It is ek net dúdlik oft hjir demonstranten hinne komme", sa seit Bootsma. "It is wol oankundige, mar it is de gemeente ûndúdlik oft der ek yndie minsken nei Dokkum ta komme. De plysje is der yn alle gefallen wol klear foar."

12:16
Dokkum fersierd foar de Sint
12:14
Sfear Prinsetún
Foto: Omrop Fryslân

De sfear yn de Prinsetún dêr't Sinteklaas op dit stuit oankomt is neffens ferslachjouwers dêr prima. "In leuk bernefeest, mei in relakste sfear".

12:02
De earste Piten binne oankaam
12:00
11:59
11:55
Hoe is it op it Saailân?

Noch tsien minuten oan't Sinteklaas oankomt yn de Prinsetún fan Ljouwert. It is dêrom ek op it Saailân hieltyd drokker mei minsken. Heiten en memmen dy't mei bern ûnderweis binne nei de yntocht. Neffens ferslachjouwer Auke Zeldenrust is de sfear prima, al liket it wol wat nuver mei al dy plysjebuskes. De plysjeminsken sels binne optein en meitsje der gjin probleem fan om hjir en dêr mei wat bern op de foto te gean.

Yntusken hat boargemaster Crone oanjûn om mooglik dalik op it Saailân del te gean om dêr yn petear te gean mei de demonstranten. De demonstranten binne it net iens mei it fak dêr't se yn stean moatte, boargemaster Crone wol dêroer mei har prate.

11:51
Der komt in feest
11:41
Plysje ek klear yn Dokkum
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Yn Dokkum begjint de yntocht fan Sinteklaas pas om healwei twaen. It is dêrom op dit stuit noch rêstich, mar de plysje is al oanwêzich.

11:25
De bern binne klear foar de yntocht
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
11:22
Reaksje gemeente Ljouwert

De gemeente Ljouwert is fernuvere oer de krityk fan de demonstranten: "Deze plek is gisteren duidelijk besproken, we hebben google maps er nog bij gehad. Het is ongeveer twintig meter van de route waar Sinterklaas langskomt, dus de optocht is duidelijk te zien", sa lit wurdfierder Rob Leemhuis witte.

11:02
Ek de plysje is manmachtich oanwêzich
Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber
10:52
Demonstranten net tefreden
10:50
Demonstranten net tefreden

Der is ûntefredenheid by de demonstranten op it Saailân. Sy sizze dat it plak dat se no krigen hawwe net neffens eardere ôfspraken is. De demonstranten woene oan de rûte stean, en dat bart no net.

Joyce Beukema is ien fan de demonstranten en se is it perfoarst net iens mei it plak dêr't se no stean moatte. "Ik tink dat it fan heger hân komt dat it no net oan de rûte is. Ik gean hjir net mei akkoard." Beukema seit dat se dêrom ek net yn it fak stean sil.

10:46
De earste demonstranten binne oanwêzich
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De earste demonstranten binne oankaam by it demonstraasjefak yn Ljouwert. Boargemaster Crone hat it Saailân oanwiisd as demonstraasjelokaasje foar de minsken dy't tsjin Swarte Pyt demonstrearje wolle.

10:38
De ME stiet klear om eventueel yn te gripen
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Trefwurden: 
Sinteklaas yntocht KOZP
(advertinsje)