Omrop TIP: Sa as sy

17 nov 2018 - 10:05

Wrâldskiednis op doarpsnivo: Mohammed (18) en Ahmad (19) út Aleppo, Syrië, besykje in libben op te bouwen yn it Fryske doarp Easterlittens. De bewenners fan dat doarp hawwe mei-inoar in hûs kocht om de famylje fan de jonges dêryn ûnder te bringen.

Foto: Omrop Fryslân

Spitigernôch kin de famylje net aardzje yn it doarp en beslute sy om nei de Rânestêd te ferhúzjen. De twa âldste soannen, Mohammed en Ahmad, bliuwe yn Easterlittens. Sy wolle net mei nei de grutte stêd. Yn Fryslân DOK it ferhaal fan de jonges en harren famylje.

'Sa as sy' makket diel út fan it LF2018-projekt 'Sailing on the Grass' fan Omrop Fryslân en DOXY. De film is mei ta stân kaam troch stipe fan VluchtelingenWerk Nederland en it Prins Bernhard Cultuurfonds.

De Fryslân DOK-dokumintêre 'Sa as sy' is op snein 18 novimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)