Stroetinga sakket yn klassemint yn Gent, noch twa dagen te gean

Wim Stroetinga fan Terwispel is wer sakke yn it klassemint fan de hurdfytswedstriid de Zesdaagse van Gent. Tegearre mei syn maat Yoeri Havik hat er no 158 punten. Dat is goed foar in fiifde plak yn it klassemint.
Argyffoto mei Yoeri Havik en Wim Stroetinga © www.orange-pictures.nl
Boppe-oan stiet it duo Viviani Elia en Keisse Iljo mei 244 punten. Earder fan 'e wike klom Stroetinga noch fan it fiifde nei it tredde plak. Hy is no dus werom op it fiifde plak. Der binne noch twa dagen te gean yn de Zesdaagse van Gent.
Stroetinga en Havik waarden ferline jier tredde. De Fries waard yn 2011 en 2013 ek al twadde. It is de 78e edysje fan de Zesdaagse van Gent.