Bou "te steile" brêge giet troch, doarpsbelang Dronryp teloarsteld

17 nov 2018 - 08:36

Doarpsbelang Dronryp is teloarsteld yn it beslút fan de rjochter. Dy hat bepaald dat de start fan de bou fan in hegere brêge yn Dronryp nije wike trochgean kin. Tsjinstanners, wêrûnder doarpsbelang, fine dat de hege brêge te steil is om feilich mei de fyts oerhinne te gean en besochten mei in koart pleit de bou stil te lizzen om mear tiid te hawwen om de plannen oan te passen. Dat is net slagge.

De nije brêge sa't dy neffens de wurkgroep wurde sil - Foto: Wurkgroep brug Dronryp

"We hawwe as doarpsbelang de wei nei de rjochter noch nea kieze hoegd. Mar yn dit gefal fûnen we dat de petearen mei de provinsje net genôch wiene", seit foarsitter Klaas Koopmans fan doarpsbelang yn Dronryp. "Dus dit wie foar ús de lêste striehalm. Dan is it hiel teloarstellend dat de rjochter seit dat we op guon ûnderdielen gelyk hawwe, mar dat de fergunning net skorst wurde kin."

Se litte it der lykwols net by sitte. Koopmans hopet dat it kolleezje fan de gemeente Waadhoeke noch ynstimme wol mei aparte stroken foar fytsers, om it feiliger foar harren te meitsjen.

Klaas Koopmans fan Doarpsbelang Dronryp

(advertinsje)