LIVE: OMF konsertkonkoers yn Drachten

17 nov 2018 - 09:15

Op sneon 17 novimber is it OMF konsertkonkoers live te sjen en hearren by Omrop Fryslân. Tsien fanfaren en brassbands dogge yn ferskate difyzjes mei oan it muzykkonkoers yn De Lawei yn Drachten. Se wurde beoardiele troch in saakkundige sjuery. Omrop Fryslân is derby en docht fan 13.20 oere ôf live ferslach op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Koperkanaal

Alle muzyk wurdt opnommen en is letter te besjen en te beharkjen op it fideokanaal en de audiostream 'Koperkanaal' fan Omrop Fryslân. De koralen binne ek werom te hearren yn it radioprogramma Koperkanaal FM.

OMF

OMF stiet foar Organisatie voor Muziekverenigingen in Fryslân.

Koperkanaal is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Koperkanaal bestiet út livestreams fan HaFaBra eveneminten lykas it OMF konsertkonkoers, it fideokanaal op Youtube.com/user/OmropFryslan/channels, de audiostream Omropfryslan.nl/koperkanaal en it radioprogramma Koperkanaal FM (alle sneinen tusken 6.00 en 8.00 oere op 'e radio).

Koperkanaal livestream mei it OMF konsertkonkoers: sneon 17 novimber fan 13.20 oere ôf op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)