UPDATE: Soad reek by grutte brân yn loads Nijewier

17 nov 2018 - 01:47

Meardere brânwachtkorpsen binne freedtenacht útriden foar in grutte brân yn Nijewier. De brân wie yn in loads oan de Siercksmawei. Yn de loads sit in meubelmakkerij fan steigerhout. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Wol is dúdlik dat der gjin minsken yn de loads wiene.

Neffens de brânwacht kaam by de brân in soad reek frij. Omwenners waard dêrom oanret om ruten en doarren ticht te hâlden en fentilaasjesystemen út te skeakeljen. Troch de brân soe yn de loads fjoerwurk ôfgien wêze.

Foar de bestriding fan it fjoer binne de brânwachtkorpsen fan Eanjum en Ternaard oproppen. Dêrneist waarden ek in heechwurker út Dokkum en in grutwettertransport út Burgum ynset.

Asbest frijkaam

By de brân yn Nijewier is asbest frijkaam, sa lit de brânwacht op Twitter witte. Der wurdt troch it buro Search ûndersyk dien nei wêr't dat asbest krekt leit en om hoefolle asbest oft it giet.

De brânwacht wiist fragen oer de asbest troch nei de gemeente Dongeradiel.

UPDATE (08:00):

De brânwacht is sneontemoarn noch oeren dwaande mei neiblussen. Dat kaam omdat se wachtsje moasten op in kraan dy't de resten útinoar luts om by in smeulend fjoer komme te kinnen.

UPDATE (Moandei 12:00)

De gemeente Dongeradiel jout oan dat it opromjen fan it asbest langer duorje sil as earst tocht. De skatting is dat it wurk noch wol in pear dagen duorje kin.

Trefwurden: 
brân Nijewier
(advertinsje)