UNIS Flyers wint mei romme sifers fan Zoetermeer Panters

16 nov 2018 - 23:15

UNIS Flyers hat freedtejûn yn Zoetermeer mei 5-2 wûn fan de Zoetermeer Panters. Dêrmei dogge de Fryske iishockeyers goede saken yn de bekerkompetysje. Mei noch ien wedstriid te gean, kinne de Feansters noch earste wurde.

Jasper Nordemann mei nûmer 7 - Foto: Orange Pictures

Yn de fjirde minút wie it gelyk raak. Adam Bezak skoarde it earste doelpunt nei goed kombinaasjespul yn de oanfal. Zoetermeer kaam al gau op likense hichte. Thomas Borgman benutte de lytse romte optimaal en makke de 1-1. Net lang dêrnei sette wer Bezak de stân op 1-2.

It wie Jasper Nordemann dy't de 1-3 makke foar de Flyers. De tsjinstanner wist yn de 17e minút in tsjingoal te meitsjen. Teris Wright skoarde de 2-3.

Nei it skoft gie it de Feansters alwer foar de wyn. Tony Demelinne makke de fjirde Flyers-treffer fan de jûn. Nei goed in healoere wie de stân 2-4. Mei syn tredde fan de jûn wie it Bezak dy't ferantwurdelik wie foar de einstân: 2-5.

Sneon spylje de UNIS Flyers om 20.00 oere yn Thialf tsjin Hijs Hokij Den Haag. Om as earste te einigjen yn de bekerpûl, moatte de Flyers mei op syn minst trije goals ferskil winne.

(advertinsje)