Earste glêde nacht fan it seizoen: gemeenten struie

16 nov 2018 - 22:45

Yn ferskate Fryske gemeenten binne freedtejûn de struiweinen ûnderweis. It kin yn de nacht fan freed op sneon glêd wurde en dêrom wurdt der struid op diken en paden. Dat is foar it earst yn dit seizoen.

Struiwein op It Hearrenfean - Foto: CAMJO media

Under oare yn de gemeenten Achtkarspelen, Eaststellingwerf en Hearrenfean wurdt struid tsjin de ferwachte glêdens. Ek op de dyk tusken Ljouwert en Holwert binne struiweinen op in paad.

Nachts leit de temperatuer yn Fryslân om it friespunt hinne. Ek de rest fan it wykein en takom wike kin it glêd wurde, ferwachtet waarman Piet Paulusma.

Trefwurden: 
struiwein glêdens
(advertinsje)