Waadferiening wol strangere snelheidskontrôles op Waadsee: "Flitspalen op de vaarwegen"

De Waadferiening wol dat fiskkotters stranger kontrolearre wurde op snelheid. Fisk fange op heech tempo is min foar de natuer yn de see, sizze se. De Waadferiening is benaud foar ferwoasting fan it boaiemlibben en mear byfangst. Se fine dat de hanthavening op it tastiene motorfermogen no net goed regele is.
De Waadsee by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Dat motorfermogen bepaalt neffens de Waadferiening hoe hurd in fiskkotter farre kin en hokker gewicht sa'n kotter meislepe kin. De Waadferiening wol dat de hanthavening fan it fermogen dien wurdt mei de saneamde black box. Alle garnalekotters hawwe sa'n systeem oan board en it jout streekrjocht ynformaasje oer de posysje fan de kotter troch. Neffens de Waadferiening is it systeem ek geskikt om it brûkte fermogen te registrearjen.
"Wie zich niet houdt aan de snelheid op de autoweg, wordt geflitst. Het zou vanzelfsprekend moeten zijn dat ook op de vaarwegen flitspalen worden geplaatst", seit de Waadferiening. "Net allinnich foar it behâld fan it boaiemlibben en de fiskstân, mar ek foar in gelyk spylfjild op see."