Friezen dogge ynspiraasje op yn Eastenryk yn striid tsjin CO2-útstjit

Ynspirearjend en fernijend. Dat wie de reaksje fan de delegaasje út de Fryske lânbouwrâld en provinsje, dy't twa dagen yn Eastenryk west hat. Bouboeren eksperimintearje dêr yn de regio Kaindorf mei CO2-opslach yn planten en it fruchtberder meitsjen fan de grûn. De boeren ferkeapje ek sertifikaten oan bedriuwen dy't harren CO2-útstjit kompensearje wolle of moatte. Doel fan de reis wie om te sjen oft it systeem ek yn Fryslân ta te passen is.
De Friezen en har Eastenrykse gasthearen en -froulju © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
"Wol wat leard, wol wat opstutsen, mar de fertaling nei de praktyk yn Fryslân fyn ik in muoilikenien", seit bouboer Durk Bierma fan Waaksens. Hy wie ien fan de santjin dielnimmers oan de reis nei Eastenryk. Neffens him wurkje bouboeren yn Fryslân folle mear yn de grûn as har kollega's yn Eastenryk. Dat bringt ek folle mear skea ta oan it libben yn de grûn.
Foeraazjehanneler Theo Mulder fan Kollumersweach tinkt dat it systeem yn Eastenryk hiel goed brûkt wurde kin as oanset om ek yn Fryslân in feroaring yn it tinken oer de fruchtberens fan de grûn yn gong te setten. "It is in diel fan de oplossing. Dit moat by de boeren begjinne en as boer moast dwaan wat by dy past. As we no sizze dat dit dé oplossing is, dan krije we net elkenien mei".
Friezen dogge ynspiraasje op yn Eastenryk yn striid tsjin CO2-útstjit

Net ien op ien ta te passen

Kees Meijling fan de provinsje is ien fan de inisjatyfnimmers fan de reis. Ek hy tinkt dat it systeem yn Eastenryk net ien op ien ta te passen is yn Fryslân. "Die verwachting had ik ook niet. Je moet kijken naar wat we hieruit kunnen halen en hoe we dat kunnen combineren met de dingen die we in Friesland al goed doen."
Meijling tinkt wol dat alle santjin dielnimmers in goed byld krigen hawwe fan wat it systeem foar har betsjutte kin. De ideeën dêroer sille meikoarten sammele wurde en dan wurdt ek besjoen hoe't der in ferfolch oan jûn wurde kin. Meijling tinkt dêrby oan de oprjochting fan bygelyks in feriening.
Deputearre Michiel Schrier tekene tidens de reis in oerienkomst om de gearwurking tusken Eastenryk en Fryslân te fersterkjen.