Sealfuotbal: Krekt gjin stunt Drachtster Boys, earste oerwinning Avanti

16 nov 2018 - 22:37

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys ha freed krekt net foar in stunt soargje kinnen op besite by koprinner Futsal Apeldoorn. De thúsploech wûn mei 3-2. Avanti koe wol bliid wêze: de sealfuotbalsters út Stiens wûnen foar it earst yn njoggen wedstriden.

Foto: twitter @dftda1

Aafke de Hoek sette Drachtster Boys op foarsprong yn Apeldoorn. Yn de slotfaze fan de earste helte sette Futsal Apeldoorn oarder op saken nei twa flaters by de Drachtsters.

Djip yn de twadde helte like Drachtster Boys in punt út it fjoer te slepen. Earst rekke Jessie Prijs alris de peal, mar Aafke de Hoek soarge úteinlik foar de gelykmakker. Nei't Prijs opnij de peal rekke, kaam Apeldoorn dochs wer op foarsprong. Dat joegen se net wer fuort.

Earste oerwinning Avanti

Avanti wie nei acht wedstriden noch puntleas en trof freed yn Stiens de iennige oare ploech dy't dat ek wie: Exstudiantes út Zwolle. Dêr like it earst net op, want de Exstudiantes naam in foarsprong fan leafst 0-4. Avanti liet de kop net hingje en pakte úteinlik de earste trije punten, troch mei 5-4 te winnen.

(advertinsje)