Leeuwarder Leeuwtje foar tûzenpoat Peter de Haan

16 nov 2018 - 22:31

Peter de Haan hat freed fan boargemaster Ferd Crone it Leeuwarder Leeuwtje krigen. Dy krijt De Haan fanwege syn fertsjinsten op ferskate mêden. "In woord en daad stelt Peter de Haan het belang, de positie en het imago van Leeuwarden altijd voorop", skriuwt de gemeente. "Zijn houding is daarin positief-kritisch en vasthoudend."

Foto: Omrop Fryslân

De Haan wie ien fan de inisjators by de betinking fan de 100ste stjerdei fan Mata Hari, ferline jier. Ek wie er belutsen by it fieren fan it 400ste bertejier fan Saskia van Uylenburgh.

Dat der yn Ljouwert sa'n 50 tablo's mei gedichten te sjen binne, komt ûnder oare troch De Haan, as bestjoerslid fan Stichting Poëzietableaus Leeuwarden.

Hy is ek foarsitter fan de Plaatselijke Commissie Dorpskerk Huizum. Dat set him yn om dat monumint yn stân te hâlden, ûnder oare troch konserten en lêzingen te organisearjen.

It Leeuwarder Leeuwtje wurdt útrikt oan persoanen of fertsjintwurdigers fan organisaasjes dy't harren fertsjinstlik ynset hawwe foar de gemeente Ljouwert of de Ljouwerter mienskip. It Leeuwtje is in gouden spjeldsje.

(advertinsje)