Sportklups W.Stell krije OZB wer werom

08 nov 2011 - 09:37

De amateursportklups yn de gemeente Weststellingwerf krije de OZB dy't se betelje moatte, tenei werom fan de gemeente. Dat hat de ried moandei bepaald. Mei-inoar giet it om sa'n 15.000 euro.

Kuorbalklup Leonidas út Noardwâlde begûn de diskusje oer de OZB dy't de klups betelje. Dy soe skrast wurde moatte, omdat se mear belesting betelje as dat se subsydzje krije. Skrasse fan de ûnreplik saakbelesting is net mooglik, mar werombetelje wol.

(advertinsje)