Puntsje foar Hearrenfeanfroulju op besite by Excelsior Barendrecht

16 nov 2018 - 21:35

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn mei 2-2 gelykspile op besite by Excelsior Barendrecht. Yn Barendrecht kamen de Feansters noch wol op 0-2, mar dy foarsprong koe de ploech fan trainer Roeland ten Berge net fêsthâlde.

Esmay Bruil - Foto: www.orange-pictures.nl

De wedstriid sette goed útein foar de Fryske froulju. Yn de sânde minút skoarde Fenna Kalma it earste doelpunt. Trije minuten letter wie de wedstriid lykwols alwer ôfrûn foar Kalma, om't se blessearre rekke en it fjeld ferlitte moast.

Hast in healoere yn de wedstriid wreide Hearrenfean de foarsprong út. Quinty Sabajo skeat de bal oer de keepster fan de tsjinstanner hinne en makke de 0-2. Krekt foar it skoft brocht Jolina Amani de thúsploech werom yn de wedstriid: 1-2.

Foarsprong út hannen

Nei it skoft krige Hearrenfean in pear goeie kânsen, mar dat late net ta in gruttere foarsprong. Sterker, nei goed in oere skoarde Sherallin Henriquez de 2-2 foar Excelsior Barendrecht.

Hearrenfean bliuwt mei it gelykspul op it sechsde plak stean. De Friezinnen ha njoggen punten út acht wedstriden.

(advertinsje)