Hannemahûs-direkteur Ter Avest ien dei lang direkteur fan Ryksmuseum

16 nov 2018 - 20:57

Hugo ter Avest, de direkteur fan museum Hannemahûs yn Harns wurdt in dei lang de direkteur fan it Ryksmuseum. Dat sil er wêze op freed 23 novimber. De direkteur fan it Rijksmuseum, Taco Dibbits, sil dyselde dei lieding jaan oan it Hannemahuis. It is in tydlike posysjewikseling tusken it grutste museum fan Nederlân en in lyts museum.

Direkteur Hugo ter Avest - Foto: Omrop Fryslân

It doel is om fan inoar te learen. Ter Avest is benammen benijd nei hoe't de beslútfoarming yn it Ryksmuseum ta stân komt, as it giet om it pleatsen fan in objekt. Dibbits wol just witte hoe't in lyts museum aktyf de ferbining mei de omjouwing siket. Dêrom sil der ek in moeting wêze tusken it bestjoer en de Freonen fan it Hannemahûs.

De oanlieding foar de posysjewikseling is it projekt Lage Landen. Dat is in rûnreizgjende útstalling yn Zutphen, Hoorn, Harns, Bergen op Zoom en Gouda. Dy wurdt mei mooglik makke troch in grute brûklien fan it Ryksmuseum. De fiif lytsere musea kinne sân jier beskikke oer 160 skilderijen fan it Ryksmuseum.

(advertinsje)
(advertinsje)