Stellingwerven fergriizje sterk: groei by jonge minsken is derút

Der sit net mear in protte groei yn Weststellingwerf. Dat is de konklúzje fan ûndersiker Eelco Neut fan Aldeberkeap. It tal ynwenners is tusken 2006 en 2018 wol mei 212 persoanen groeid, mar dat komt benammen troch de bou fan wenningen yn Wolvegea. De groei fan ynwenners oant fjirtjin jier is der lykwols hielendal út. Dy groep is mei 902 persoanen ôfnommen.
Wolvegea © Rob van Hintum
Foar skoallen en sportferieningen binne dat soarchlike sifers. Ek omdat de leeftiidsgroep dêrboppe, fan 15 oant 34 jier, stagnearret yn de groei. De leeftiidskategoryen dy't dúdlik groeie, is alles boppe de 50 jier. Mei oare wurden: Weststellingwerf fergrizet bot.
Yn Weststellingwerf siet noch wol in lytse groei yn it totale ynwennertal. Dat is oars yn Eaststellingwerf: 755 ynwenners minder as yn 2006.
Undersiker Neut hat wol in ferklearring foar it grutte ferskil yn sifers tusken de beide Stellingwerven: Wolvegea leit geunstiger oan ferbiningsdiken en dêr binne sûnt 2012 trije kear safolle wenningen boud.