Bakhuzen wol in 'echt' sintrum yn it doarp

16 nov 2018 - 20:50

It doarp Bakhuzen wol einliks in echt sintrum krije. Dêrfoar soe de Sint Odulphusstrjitte yn it doarp opkreaze wurde moatte. Sa soene der bygelyks bankjes komme moatte en mear grien. Dat wol alteast de kommisje Better Bakhuzen. Gemeente De Fryske Marren liket achter de plannen te stean.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Sa is der neffens Better Bakhuzen al jild frij makke foar it feroarjen fan It Plantsoen, in parkearplak en stik grien dat oan de Sint Odulphusstrjitte leit. It Plantsoen soe yn de plannen mear in pleinfunksje krije moatte, wêr't it doarp bygelyks gebrûk fan meitsje kin by doarpsfeesten.

Hoe't it plein der krekt út komt te sjen is noch net bekend, want Better Bakhuzen wol dêroer noch fierder yn petear mei it doarp. Wol is dudlik dat it ek noch geskikt bliuwe moat foar parkearjen, om't ek dêr ferlet fan is.

Better Bakhuzen

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
Bakhuzen sintrum opknapbeurt
(advertinsje)