Kick Out Zwarte Piet en blokkearders moetsje: "We woene elkoar kennen leare"

16 nov 2018 - 20:34

Leden fan Kick Out Zwarte Piet (KOZP) en guon blokkearders giene tongersdeitejûn mei elkoar yn petear. Se moeten elkoar yn it appartemint fan anty-Pyt-aktiviste Joyce Beukema. Under oaren Jerry Afriyie en Seye Herke Brinkman wiene dêrby oanwêzich.

Se hawwe it der mei elkoar oer hân wêrom't Swarte Pyt feroarje moatte soe. Mar ek oer de hiaten yn harren middelber ûnderwiis wat it slavernijferline oanbelanget. "We binne mear yn petear gien en woene elkoar kennen leare", seit Joyce Beukema.

Beukema fûn it fansels wol spannend om de beide partijen by har thús út te nûgjen en hat der lang oer twivele oft se minsken har adres wol jaan moast. Se hie de aksjefierders fan beide kanten lykwols al kennen leard en hie der dêrom wol betrouwen yn.

Demonstraasje

Kick Out Zwarte Piet sil sneon mei muzyk demonstrearje by de yntocht fan Sinteklaas yn Ljouwert. Beukema ferwachtet dat it in fredige demonstraasje wurdt.

(advertinsje)