Aldereintehûs de Spiker giet nei 53 jier ticht: "Ik kin wol gûle, mar we moatte troch"

Om't âldereintehûs de Spiker yn Ternaard ein dit jier definityf har doarren slút, wie der freed in ôfskiedsdei foar alle belutsenen. Ald-frijwilligers, bern fan âld-bewenners en regelmjittige gasten kamen allegear noch in lêste kear yn 'harren' tehûs del. Se koene dêr âlde foto's besjen en byprate mei inoar oer de tiid dy't se der belibbe hawwe.
© Bote Sape Schoorstra
Twa froulju fan yn de 80 sjogge werom op de tiid dy't sy yn de Spiker hân hawwe. Ien fan harren seit: "Dit is ús alles. Ik kaam hjir altyd op besite by de minsken. Even in praatsje meitsje mei eltsenien." De oare follet oan: "Ik haw hjir tweintich jier lang frijwilligerswurk dien. It is sa spitich dat it ferdwynt."
© Bote Sape Schoorstra
Fan de 72 keamers yn it gebou binne der op it stuit noch mar 6 beset. In soad âlderein is al ferhuze nei bygelyks de Skûle yn Mitselwier en Dongeraheem yn Dokkum, de lêste seis sille dizze moanne nei harren nije plak ta.
Offisjeel slute de doarren op 1 jannewaris, mar al op 1 desimber is it hiele gebou leech.
© Bote Sape Schoorstra
Neffens lokaasjemanager Rita Schipper wie de sluting net mear foar te kommen: "Aan de ene kant is het heel spitich, want hier hebben heel veel mensen met plezier gewoond en gewerkt. Maar aan de andere kant weet je dat het onomkeerbaar is. We hebben 72 kamers, maar die zaten al jarenlang niet meer vol."
Der wurdt op it stuit hurd neitocht oer in nije bestimming fan it gebiet. Der binne plannen foar in nij fersoargingshûs, "Nije State".