Marit Bouwmeester: "Ik sjoch mysels as grutste konkurrint"

16 nov 2018 - 18:37

Op freed 24 juny 2020 is de iepeningseremoanje fan de Olympyske Spelen yn Tokio. Marit Bouwmeester wie de alderearste Nederlânske sporter dy't wis is fan Tokio. Nei har goede prestaasjes op de wrâldbekerwedstriden yn it Japanske Enoshima, hie se yn septimber har Olympysk ticket al binnen. "It is wol lekker dat ik it binnen ha, omdat ik kommend jier dan gewoan myn ideale programma draaie kin", seit Bouwmeester.

Marit en har broer Roelof hawwe no al meardere kearen yn Enoshima west. "We wolle fansels it wetter bestudearje. Hoe is de wynrjochting, de bergen, de streamings... As we dêr aansens binne, moatte der gjin ferrassings mear wêze", seit Roelof Bouwmeester.

Broer as coach

Broer Roelof wie earst noch har trainingspartner, mar yntusken is hy har coach. "Oan de iene kant is dit it bêste foar Marit, mar ik twivele wol oft ik de juste persoan wie om har te helpen", seit broer Roelof Bouwmeester.

Dat se famylje binne, sit Marit net sa mei. "Wy kinne hiel hurd tsjin elkoar wêze, mar dat is echt op it proses rjochte en net op de persoan." Se is wiis mei har broer as coach, om't er in soad technyske kennis meibringt.

Smoarge spultsjes

Dat de druk om te winnen heech is, docht wol bliken út hoefier't oare sylsters gean wolle om te winnen. Sa tekene in tsjinstanner in kear protest oan, om't se fûn dat Marit har net genôch romte joech, wylst Bouwmeester rom om har hinne gie. Doe moast der in sjuery oan te pas komme om te beslissen wa't der gelyk hie.

Ek ferslachjouwer Ayolt Kloosterman wit fan it smoarge spul. Hy waard by de Olympyske Spelen ris benadere troch de Deenske coach. Dy woe Kloosterman sa beynfloedzje dat hy Marit Bouwmeester yn ynterviews negatyf te wurd stean soe.

Konkurrinsje

It wrâldkampioenskip is no yn hannen fan in Belgyske. Mar Marit sjocht harsels eins as har eigen grutste konkurrint. "As ik mysels ûntwikkeljen bliuw, dan komt it goed."

Nij talint

Der stiet alwer nij talint foar de doar. De 20-jierrige Mirthe Akkerman waard yn 2017 Europeesk kampioen ûnder de 17 jier. Yn 2016 wûn se de wrâldtitel ûnder de 19 jier en sûnt ôfrûne jier heart se by de bêsten fan de wrâld by de senioaren.

Se traint sa no en dan tegearre mei Marit Bouwmeester en kin in soad fan har leare. "Zij kan zichzelf heel goed uit moeilijke situaties zeilen. Ze kan zichzelf goed positioneren ten opzichte van een ander", seit Akkerman.

(advertinsje)