Ferheegjen brêge Dronryp kin trochgean: net te steil, neffens rjochter

De ferheging fan de brêge yn Dronryp oer it Van Harinxmakanaal giet gewoan troch. In groep omwenners, de wurkgroep Brug Dronryp, woe dat de bou stillein waard, want neffens harren soe de brêge te steil wurde en dêrom net feilich wêze foar fytsers. Dy omwenners hienen in koart pleit oanspand, mar de rjochter hat freed bepaald dat de bou trochgean kin.
De nije brêge sa't dy neffens de wurkgroep wurde sil © Wurkgroep Brug Dronryp
Neffens de rjochter binne de nije hellingspersintaazjes noch "aanvaardbaar comfortabel" en ek net gefaarlik. De tsjinstanners hiene soargen oer de fytsfeiligens, om't fytsers yn de nije plannen mei de auto's op de dyk komme en net mear op in aparte fytsstripe.
Wol is de rjochter it mei de omwenners iens dat it fytsen op de nije brêge mear enerzjy kostje sil.