KOZP-demonstraasje yn Dokkum is op it camperplak

16 nov 2018 - 16:51

De demonstraasje fan Kick Out Zwarte Piet yn Dokkum is sneon op it camperplak, tsjin de Van Kleffenstrjitte oer. Dat plak stiet ek wol bekend as Area Camping Car. Wêr't de foarstanners fan Swarte Pyt demonstrearje meie, is noch net bekend. Wol is al dúdlik dat dat bûten de bolwurken wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, Lars Hoekstra

De plysje sil yn de gaten hâlde oft de demonstranten har oan de betingsten hâlde. Waarnimmend boargemaster Magda Berndsen: "Demonstreren is een grondrecht dat de gemeente moet respecteren. Tegelijkertijd hecht ik er aan dat de inkomst van Sinterklaas een feest is en moet blijven. Ik roep iedereen dan ook op om er een feestelijke intocht van te maken."

Earder freed waard bekend dat Kick Out Zwarte Piet yn Ljouwert it Saailân tawiisd krijt as plak om te demonstrearjen. Dat is dan tsjin it Gerjochtshôf oer.

(advertinsje)