Freedsmerk: "40 jier wurkje is moai genôch"

Ferslachjouwer René Koster gie de Ljouwerter freedsmerk op en frege ferskate minsken om harren miening oer de pensjoenleeftiid. In ûnderwerp dêr't it kabinet op it heden oerlis oer hat mei ferskate partijen. Dochs sit in pensjoenakkoart der noch net yn, sels net nei bemuoienis fan de premier. Mooglik dat de advizen fan de freedsmerk helpe, at se nei it wykein fierder prate.
De Freedsmerk oer de pensjoenleeftyd
De mieningen wiene ferdield. "40 jier wurkje is moai genôch, foar de measten sil dat betsjutte dat se mei 65 pensjoen krije", seit ien.
"Ik ben nu 62. Dat betekent dat ik tot 68 moet doorwerken, dat is toch te gek?", fûn in frou. Wer in oar op de merk: "Dat in strjitlizzer mei 65 pensjoen krijt, fyn ik bêst, mar de rest kin wol langer troch. En dêr moatte se net oer seure."