Fryslân krijt 25 miljoen fan it Ryk foar projekten

16 nov 2018 - 15:31

Fryslân krijt 25 miljoen fan it Ryk foar projekten yn Noardeast-Fryslân, wêrûnder Holwert oan See. Dat makke minister Carola Schouten fan it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit freedtemiddei bekend. It Ryk hie 200 miljoen euro beskikber steld om regionale knyppunten mei de regio's op te pakken. De provinsje Fryslân hat acht projekten yntsjinne en trije wurde no stipe.

Twa fan dy trije projekten binne yn Noardeast-Fryslân: de saneamde 'Versnellingsagenda' Noardeast-Fryslân en dus Holwert oan See. Dêrnjonken krije de provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân mei-inoar 10 miljoen foar de ûntwikkeling fan natuerynklusive lânbou. Troch de tasizzing fan it Ryk kinne de foarstellen no konkreet útwurke wurde.

We sjogge dit as in sterke ympuls foar Fryslân.

Deputearre Sander de Rouwe

Deputearre Sander de Rouwe: "We ha acht foarstellen fora Regio Deals stipe. Us ynset hat west om foar safolle mooglik projekten yn Fryslân stipe te krijen. We binne tefreden en sjogge dizze kar fan it Ryk as in sterke ympuls foar Fryslân."

"Dit kabinet kiest dúdlik foar de regio. Earst yn wurden en no ek yn dieden", seit De Rouwe. "Foar deals dy't it net helle ha yn dizze 'tranche' sille we besjen hoe't we dat dochs noch foar elkoar krije kinne. De enerzjy dy't der foar dizze projekten is, litte we net ferlern gean."

No't bekend is hokker projekten jild krije, sille de regio en it Ryk de plannen fierder útwurkje. Yn it foarjier fan 2019 wurde de deals tekene.

Deputearre Sander de Rouwe oer it ryksjild

Holwert oan See

De wurkgroep fan Holwert oan See wol yn 2020 de seedyk by Holwert trochbrekke. Sa komt it doarp wer oan see te lizzen. De earste faze bestiet út it oanlizzen fan in wetterferbining tusken de Waadsee en it doarp, it trochbrekken fan de seedyk en de oanlis fan in sâlte mar binnendyks, dy't foar in unyk stikje natuer soargje moat.

Oan dy nije mar komt ek romte foar ferbliuwsrekreaasje en in bûlevaar oan de eastkant fan it doarp. De boeren dy't lân ynleverje foar it projekt sille kompensearre wurde mei oar lân op in oar plak.

De plannen hawwe al in posityf effekt op it eardere krimpdoarp Holwert. Der steane noch wol huzen te keap yn it doarp, mar folle minder as trije jier lyn. Yn de karakteristike Hegebuorren yn it sintrum wurde ferskate âldere huzen opknapt.

'Versnellingsagenda' Noardeast-Fryslân

Yn saneamde 'Versnellingsagenda' steane ûnder oare foarstellen oer hoe't it ûnderwiis en ûndernimmers better mei-inoar ferbûn wurde kin. Ek oer hoe't de oansluting fan it ûnderwiis nei de arbeidsmerke better kin.

In protte minsken út it midden- en lytsbedriuw wolle gearwurkje mei kennisynstellingen, mar se ha faak net de tiid of konneksjes om dat fan de grûn te krijen. In 'kennismakelder' moat dêr in belangrike rol yn spylje.

In oar foarstel is it oprjochtsjen fan in Boukampus. De bou is in belangrike sektor yn it noardeasten fan Fryslân.

Natuerynklusive lânbou

Mei Grinslân en Drinte krijt Fryslân dus ek noch 10 miljoen euro foar de ûntwikkeling fan natuerynklusive lânbou. De provinsjes wolle grach dat noard-Nederlân koprinner wurdt op it mêd fan duorsum plattelân.

De grutste opjefte dêrby is, neffens de provinsjes, om in goede balâns te finen tusken lânbou, natuer- en lânskipskwaliteit. Se wolle mei de agraryske sektor, natuersektor en kennisynstellingen de krêften te bondeljen om foarop te rinnen by ynternasjonale ûntwikkelingen.

(advertinsje)