Wurkstraf en sel ûnder betingst easke tsjin eigener Amicitia

16 nov 2018 - 15:29

Tsjin de eigener fan it skip Amicitia is freed in wurkstraf fan 200 oeren en 3 moannen selstraf ûnder betingst easke. De 53-jierrige skipper uit Stiens wurdt ferfolge foar dea troch skuld. By in ûngelok op syn skip, yn augustus 2016, kamen trije Dútsers om it libben doe't de mêst ôfbruts en op de passazjiers terjochte kaam.

It wurdt de fertochte ferwiten dat hy net foldwaande tafersjoch hâlden hat op hoe't syn mêsten der oan ta wienen. En hy is net yn aksje kaam doe't der minne plakken fûn waarden. De trije minsken dy't it wurk dienen, wienen ek net foldwaande saakkundich. Hy hie de reparaasjes dy't wol plak fûn ha boppedat melde moatten.

Foto: Camjo Media

It skip is nei 2015 wol keurd, mar net de mêsten. "Hij had anders moeten handelen", sei de offisier fan justysje.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Harns rjochtsaak Amicitia
(advertinsje)