Judoka Margriet Bergstra útskeakele op Grand Prix

16 nov 2018 - 15:04

Judoka Margriet Bergstra fan De Lemmer is op de Grand Prix yn Den Haag útskeakele yn de werkânsingsen. Bergstra die mei yn de klasse oant 57 kilo. Se ferlear op ippon troch straffen fan Priscilla Gneto út Frankryk.

Yn de earste ronde wûn Bergstra noch op ippon fan Miriam Boi út Italië. In ronde letter fersloech se, wer op ippon, de Israelyske Maayan Greenberg.

Dêrnei moast se yn de kwartfinale tsjin Miryam Roper út de Dominikaanske Republyk. Dy wûn mei ippon. Yn de werkânsing wie Gneto de tsjinstanner, mar dy wie dus ek te sterk. Uteinlik is Bergstra as sânde einige.

Hope op medalje

Bergstra hie hope op in poadiumplak. "Ik wol altyd om de medaljes meidwaan. Dat jout ek wol ekstra glâns, omdat it yn eigen lân is."

Om har te pleatsen foar de Olympyske Spelen fan Tokio yn 2020, is it wol belangryk dat Bergstra genôch punten pakt. "Dat is helber", seit se. Dochs hie se hope dat se yn Den Haag wat mear punten pakke soe.

Njonken Bergstra dogge ek Sanne Vermeer fan Stiens en Natascha Ausma út Lippenhuzen mei op de Grand Prix yn Den Haag. Sy komme sneon yn aksje.

Trefwurden: 
judo Margriet Bergstra
(advertinsje)