Demonstraasje fan KOZP yn Ljouwert op it Saailân

De demonstraasje fan Kick Out Zwarte Piet (KOZP) yn Ljouwert is sneon by it Saailân. Dat hat de gemeente besletten. Tsjinoer it Gerjochtshôf is der in plakje reservearre foar de demonstranten.
ynterview Joyce Beukema fan KOZP
De yntocht fan Sinteklaas is sneontemiddei. Hy komt om 12 oere hinne oan en begjint dan oan in tradisjonele rûte troch de stêd: oer de Grienewei nei de Nijebuorren en fia de Foarstreek en de Kelders troch de Piperstrjitte nei de Wurdumerdyk.
Wij willen een vredige demonstratie met muziek en geen geschreeuw.
Joyce Beukema
KOZP woe lâns de rûte demonstrearje. De plysje sjocht der op ta dat de demonstranten harren hâlde oan de betingsten dy't de gemeente steld hat. "Wij willen een vredige demonstratie met muziek en geen geschreeuw", seit Joyce Beukema fan KOZP. Beukema hie leaver yn de Prinsetún stien, mar op it Saailân kin KOZP yn in spesjaal fak efter stekken stean en mei lûdsfersterkers muzyk meitsje.
Ek yn Dokkum is sneon in demonstraasje tsjin Swarte Pyt.