Tolsma Tanks: mear omtinken foar eksport en technyske wurknimmers

Mear omtinken foar eksport, en banen yn de technyk populêrder meitsje ûnder jongerein. Dat is de boadskip fan it bedriuw Tolsma Tanks op It Hearrenfean. Ferskate politisy binne freed by harren bedriuw op wurkbesite, omdat it de dei fan de ûndernimmer is. Op dizze dei wurdt it ûndernimmerskip fierd.
Tolsma Tanks: mear omtinken foar eksport en technyske wurknimmers
VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries en deputearre Sander de Rouwe wiene by Tolsma op wurkbesite. Sy binne it der oer iens dat der goed nei de eksport sjoen wurde moat. "It is faak net bekend dat protte lytse bedriuwen ek mei eksport dwaande binne, en dy moatte wy net ferjitte", seit De Vries.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra