Wat ferwachtsje de Fryske judoka's fan de Grand Prix yn Den Haag?

16 nov 2018 - 13:34

Topjudoka's Margriet Bergstra fan De Lemmer, Sanne Vermeer fan Stiens en Natascha Ausma út Lippenhuzen stean mei de absolute judotop op de matte by de Grand Prix yn Den Haag.

Sanne Vermeer, Natascha Ausma en Margriet Bergstra. - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Yn totaal dogge 450 judoka's út mear as 65 lannen mei om de medaljes. Dit toernoai makket diel út fan de IJF World Tour en is dêrmei ien fan de fyftjin belangrykste eveneminten yn it ynternasjonale topjudo. De judoka's fine it toernoai belangryk om't der in soad punten te beheljen binne foar de kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokio.

It fertrouwen by de Fryske judoka's is grut. Sanne Vermeer, Natascha Ausma en Margriet Bergstra jouwe alle trije oan dat se kâns hawwe op earemetaal.

Natascha Ausma

"Ik wol gewoan it bêste út mysels helje. Ik wol dit wykein fan de matte ôfgean en tinke: ik koe net better, nettsjinsteande it resultaat. Ik ha wol it idee dat ik stappen makke ha dit seizoen. Sa haw ik no in mental coach. Dy helpt my te fokusjen. Der sit altyd in medalje yn. Dus ek takom wykein. Ik fiel my fit, dus wêrom net. Ik gean net fol foar in medalje. Dan leit de fokus wer oars, dan bist rjochte op prestaasjes. Dat wol ik net.

Myn heit en mem komme te sjen, hiel bysûnder fansels, want dy komme net altyd te sjen. It is dus in spesjaal evenemint foar my. Tokio 2020 is net útsluten. Ik moat noch wol stappen meitsje om dat op te rêden. Ik moat noch omheech op de wrâldranglist. Ik moat by de bêste sechstjin komme, dus ha ik noch mear punten nedich."

Margriet Bergstra

"In Grand Prix yn eigen lân is fansels moai. Foarich jier gie it net sa goed troch ferskillende omstannichheden. Dus ik hoopje dat it dit jier in stik better giet. In poadiumplakje soe moai wêze, dat jout ek wol ekstra glâns om't it dan yn eigen lân is. Ik bin sawiesa wol wer ta oan in medalje op dit nivo. Myn grutste konkurrinten binne Dewy Karthaus en Sanne Verhagen. Wy ferdiele no de toernoaien ek mei us trijen, dus foar Tokio sille wy ek de tickets ferdiele moatte. It fielt wol moai dat ik no de bêste Nederlanner bin, mar ik bin noch net tefreden mei wêr't ik no stean.

It is no noch wat te wikselfallich. Ik wol altyd om de medaljes meidwaan. In medalje dit wykein, dat moat der ynsitte. Foar Tokio moat ik noch in soad punten pakke, mar it is helber. Dêrom komt de Grand Prix no wol moai út, dan kinst in grutte stap sette. Ik fyn it wol spitich dat sa'n wykein ferdield is oer trije dagen. Op freed binne in soad minsken noch oan it wurk. Mar myn âlders komme en wat freonen, dus der binne sawiesa mear te sjen."

Sanne Vermeer

"Ik hoop toch wel op het podium te staan, net als vorig jaar. Tot nu toe gaan mijn Grand Prixs best goed, dus ik heb wel kans op een podiumplek. Wat betreft het aantal punten dat ik nodig heb om mij te kwalificeren. Juul Franssen is een van mijn grootste concurrenten, al ben ik daar niet echt mee bezig.

Ik ben voornamelijk bezig met mijn eigen project. Tokio komt voor mij misschien net wat te vroeg. Ik moet nog wel groeien. Het is nog niet realistisch, al is er altijd een kans natuurlijk. Parijs, 2024 is wel mooi streven. Een Grand Prix is een mooi moment om je voor te bereiden op zo'n toernooi."

Margriet Bergstra fan De Lemmer

36e fan de wrâld

Klasse oant 57 kilo

Dit jier twadde by Grand Slam yn Parijs. Wûn ferline jier Grand Slam yn Tokio

Natascha Ausma fan Lippenhuzen

40e fan de wrâld

Klasse oant 70 kilo

Waard dit jier tredde op Grand Slam Abu Dhabi

Sanne Vermeer út Stiens

18e fan de wrâld

Klasse oant 63 kilo

Dit jier wrâldkampioene by de junioaren

Ferline jier twadde yn Den Haag

Waard dit jier tredde by Grand Slam yn Düsseldorf

(advertinsje)