Rjochtsaak Amicitia: Hie eigener genôch tafersjoch op reparaasjewurk oan mêst?

16 nov 2018 - 13:23

Hat de eigener fan de Amicitia foldwaande tafersjoch holden op it reparaasjewurk oan de mêst fan it skip? Dat is ien fan de grutte fragen freed by de rjochtsitting oer it ûngelok op it skip. By dat ûngelok yn augustus 2016 kamen trije Dútsers om it libben, doe't de mêst ôfbruts en op de passazjiers terjochte kaam. De 53-jierrige eigener en skipper út Stiens stiet terjochte foar dea troch skuld.

Foto: Camjo Media

It skip hat yn 2015 op de werf lein foar ûnderhâld. De mêsten binne doe nei ûnderen helle foar ûnderhâld. De fertochte kaam sels net mear op de werf troch in konflikt, mar syn ûnderhâldsmanlju ha op syn fersyk alle dagen ferslach dien fan wat der gebeurde. Der wiene twa minne plakjes yn ien fan de mêsten dy't noch neisjoen wurde moasten. Dat wie foar de fertochte lykwols gjin oanlieding om "daar heel spannend over te doen."

Yn de perioade fan de reparaasje hat de fertochte noch twa wiken fuort west op fakânsje yn Dubai en hie hy mar beheind telefoanysk kontakt mei syn ûnderhâldsmanlju. Doe't er werom wie, ha se mei harren trijen by de mêsten west om se te besjen.

Ferslachjouwer Remco de Vries is by de rjochtsaak oer de Amicitia

De mêst is úteinlik brutsen op 13,5 meter hichte. Op it breukflak wie it hout bot oantaaste troch skimmel dy't ûntstie troch ynwettering en omdat it hout dêr, achter in metalen plaat, net goed drûge. De rotterij wie neffens de fertochte net te sjen. "Het was aan de buitenkant niet zichtbaar."

By de rjochtsaak is ek famylje fan de Dútske slachtoffers oanwêzich. Troch in tolk is der in ferklearring fan de famylje foarlêzen.

Ferslachjouwer Remco de Vries is by de rjochtsaak oer de Amicitia. Hy docht ferslach fia ús liveblog.

Trefwurden: 
ûngelok rjochtsaak Amicitia
(advertinsje)