Ljouwerter krijt acht jier sel foar deaslach op Ursel Sprott

16 nov 2018 - 13:19

De Ljouwerter dy't terjochte stie foar it ombringen fan Ursel Sprott, ferline jier oktober, hat acht jier sel mei tbs krigen. Dat is krekt wat it Iepenbier Ministearje twa wike lyn easke hie. De 39-jierrige man is feroardiele foar deaslach; moard koe net bewiisd wurde.

De 35-jierrige Sprott waard op 11 oktober 2017 deastutsen op it Jacobijnertsjerkhôf yn Ljouwert. De feroardielde hat hieltyd ûntkend dat er it dien hat, mar hy soe troch ferskate tsjûgen sjoen wêze en ek kamerabylden wiisden yn 'e rjochting fan de man. De plysje hie ek oare mooglike fertochten heard, mar dy foelen allegearre al gau ôf.

Foto: Kappers Media

Neffens de rjochtbank hat de Ljouwerter it slachtoffer "het meest fundamentele recht ontnomen, namelijk het recht om te leven. De laatste momenten van het slachtoffer moeten verschrikkelijk zijn geweest". De man hat in anty-persoanlikheidssteurnis. Neffens saakkundigen is de kâns grut dat hy wer de fout yngiet, om't hy gau agressyf wurdt. Dêrom leit de rjochtbank him ek tbs op.

(advertinsje)