Hake wikselet meardere kearen yn opstelling Cambuur

16 nov 2018 - 12:59

SC Cambuur spilet sneontejûn mei in oantal nije nammen yn de thúswedstriid tsjin FC Volendam. Dy ploech hat mar trije punten minder as de Ljouwerters en dus is it in wichtige wedstriid. Dat sjocht ek trainer René Hake yn.

René Hake - Foto: www.orange-pictures.nl

De wizigingen dy't de trainer trochfiert, binne net út lúkse. Matthew Steenvoorden spilet foar it earst dit seizoen yn de basis, om't Emmanuel Mbende blessearre is oan syn ankel. Andrejs Ciganiks spilet dit wykein twa kear mei Letlân en ûntbrekt dus tsjin Volendam. Dêr stiet tsjinoer dat Justin Mathieu werom komt fan in skorsing.

Ek Issa Kallon begjint yn de basis. Nei alle gedachten ferliest dêrtroch Tyrone Conraad syn basisplak. David Sambissa is nei't er tsjin Sparta syn earm bruts sneon ek wer ynsetber. Dat jildt ek foar Kevin Schindler.

Tsjinstanner FC Volendam docht it goed: de lêste sân wedstriden waarden net ferlern. "Ze doen het goed de laatste weken. Het is een lastige tegenstander", fertelt Hake. "Spelers die er het begin van het seizoen niet waren, zijn er nu wel." Sûnt oardel moanne is Hans de Koning dêr trainer. Hy is de ferfanger fan Misha Salden, dy't ûntslein waard.

(advertinsje)
(advertinsje)