Opnij oanhâldings foar oerfal pizzakoerier Wergea

16 nov 2018 - 12:25

De plysje hat freedtemoarn twa persoanen oanhâlden yn de saak fan de oerfal op in pizzakoerier yn Wergea.

Plysje - Foto: ANP

De fertochten binne in 19-jierrige en 21-jierrige fertochte. Beiden wenje yn Frjentsjer. De plysje hie earder al twa Frjentsjerters fan 16 en 17 jier oanhâlden.

De plysje giet fierder mei it ûndersyk nei de oerfal.

Wat is der bard?

De oanhâlding wie tiisdeitenacht. De plysje hat ek sketten. De oerfallers hawwe de koerier om healwei twaen tiisdeinacht mei twa fjoerwapens bedrige, doe't dy yn Wergea wat besoargje woe. It duo naaide út mei it jild en de auto fan de koerier. De plysje wie der gau by en sette de efterfolging yn.

De fertochten, dat wiene der earst twa, rieden harsels klem op de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean, doe't se tsjin it stek fan in bedriuw botsten. De jonges besochten rinnendewei út te naaien, mar nei it lossen fan warskôgingsskotten troch de plysje koene se dochs oanhâlden wurde. De Frjentsjerters sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
oerfal Wergea pizzakoerier
(advertinsje)