Omrin kriget twa boetes fan 20.000 euro foar oertrêdingen by REC in 2015

16 nov 2018 - 12:20

Offalferwurker Omrin moat in boete fan 40.000 euro betelje oan de provinsje Fryslân, foar oertrêdingen by in grutte steuring by de REC yn Harns.

De provinsje hie Omrin yn 2015 twa twangsommen fan 20.000 euro oplein foar twa oertrêdingen by in grutte steuring yn de ôffaloven yn Harns. Dy twangsommen hoegden doe net betelle te wurden, dat hoegde pas as Omrin deselde oertrêdingen op'e nij meitsje soe. Dat is bard by de steuring op 6 oktober.

Nei it besjen fan alle technyske gegevens die bliken dat Omrin by de steuring op 'e nij net op tiid ophâlden wie mei it stoken fan de oven en dat de konsintraasjes fan de stoffen dy't by de steuring frijkamen, te heech wie. Dêrom moat Omrin de earder opleine twangsommen no echt betelje.

De REC leit no ek wer stil. Moandei wie der wer in steuring.

Trefwurden: 
boete REC Omrin steuring
(advertinsje)