Gjin grutte feroarings yn de earedifyzje: wat fynt SC Hearrenfean-direkteur Luuc Eisenga?

16 nov 2018 - 11:05

Der hat de lêste tiid bot oer praat west: feroarings yn de earedifyzje. Miskien moat de earedifyzje út minder klups bestean, miskien moat it keunstgers ferbean wurde of moat der sels in spesjale kampioenskompetysje oan de ein fan it seizoen komme. Mar dy feroarings geane net troch. Dat ha de klups tongersdei yn Utrecht besletten op in fergadering.

Luuc Eisenga fan SC Hearrenfean - Foto: www.orange-pictures.nl

Luuc Eisenga fan SC Hearrenfean

Luuc Eisenga, direkteur fan SC Hearrenfean, alles bliuwt dus by it âlde?

"Je hawwe in mearderheid nedich foar feroarings en as dy der net is, moatte je sjen nei wat wol kin. Der binne klups foar in kompetysje mei 16 klups en ek wol ferienings wiene foar fuotbal op echt gers. Mar dit wie in brêge te fier."

Der binne ek klups wêr't je tsien euro yn de hannen drukke en dan sykje se in spits yn East-Europa dy't twa kear skoare kin.

Luuc Eisenga

Wat woene jim no it leafst?

"De devil is in the detail, it hinget der mar krekt fan ôf hoe't it organisearre wurdt. In kompetysje mei 16 klups moatte je net útslute, mar wat is it gefolch? Wy leauwe yn in beperkte degradaasje- en promoasjeregeling. Lytsere klups krije dan de mooglikheid om in bettere oplieding te hawwen. By Hearrenfean wurde jonge spilers better en dan gean se fierder nei gruttere klups. Der binne ek klups wêr't je tsien euro yn de hannen drukke en dan sykje se in spits yn East-Europa dy't twa kear skoare kin..."

Der komt no wol in bonus foar klups dy't op natuergers spyljen bliuwe?

"Dy komt út Europeesk jild en is earst foar klups dy't op normaal gers spylje. Je kinne de maraton fan New York ek net tariede op in 'loopband' yn de sportskoalle. Fuotbal heart op echt gers."

In ferbod op keunstgers komt der net. Wat kinne de gefolgen wêze?

"It is altyd mar in relative diskusje. In pear jier tebek moast der in soad feroarje, seinen de grutte klups. Der is net in soad feroare. Ajax en PSV spylje no yn de Champions League en mei Oranje giet it wer wat better. De rop om feroaring moat standert wêze en net as je yn panyk reitsje."

Yn it Algemeen Dagblad stiet dat de grutte klups gjin besluten nimme kinne. Kloppet dat?

"Nee, der is wol wat besletten, mar it giet de grutte klups net fier genôch en de lytse klups giet it net fier genôch hoe't de grutte klups it jild ferdiele wolle. It giet om de reeëns om fierder te sjen as je eigen wrâld en te tinken yn it grutte belang fan it fuotbal. Foar de 'tuskenklups' (lykas SC Hearrenfean, red.) is it makliker, der feroaret foar harren net sa folle."

(advertinsje)