Gemeente knipt Alde Dyk by Bûtenpost nettsjinsteande protesten yn twaen

16 nov 2018 - 10:50

De Alde Dyk tusken Koatstertille en Bûtenpost wurdt dochs ôfsletten foar trochgeand ferkear. Dat ha boargemaster en wethâlders fan de gemeente Achtkarspelen besletten.

De krusing Nonnepaed-Alde Dyk tusken Koatstertille en Bûtenpost - Foto: Google Streetview

It kolleezje hie de dyk al earder yn twaen knippe wollen, mar dat foarnimmen smiet in soad wjerstân op by de omwenners. Dy beane de gemeente fyftich hantekeningen tsjin de plannen oan.

Nei oanlieding fan de protesten hat de gemeente op 'e nij ûndersyk dwaan litten. Dêr kaam út dat it opdielen fan de Alde Dyk dochs it meast bydrage soe oan de ferkearsfeiligens en leefberens lâns de dyk. De knip komt by de krusing mei it Nonnepaed en de Miedwei.

Ferkear kin dêr dan net langer trochride, mar moat fia Twizel of Reahel.

(advertinsje)