Reedrydmanlju en -froulju twadde op ploege-efterfolging

16 nov 2018 - 10:27

Sawol de Nederlânske manljus- as de frouljusploech ha by it reedriden foar de wrâldbeker yn Japan sulver helle by de ploege-efterfolging.

Ireen Wüst - Foto: OrangePictures

De froulju moasten it team fan Japan foargean litte. De Nederlânske froulju riden in tiid fan 3.00,13, de Japanners rieden mei 2.57,80 in nij baanrekôr.

De manlju rieden 3.42,14, Ruslân wûn mei in baanrekôr fan 3.41,26. Olympysk kampioen Noarwegen helle mei 3.42,77 it tredde plak.

Sven Kramer hie him ôfmelden om syn kwetsbere rêch net al te bot te belêsten. Kramer wol de kommende dagen wol yn aksje komme op de 1500 en 5000 meter.

Trefwurden: 
reedriden wrâldbeker
(advertinsje)