Ria Kraa nije haadredakteur Friesch Dagblad

16 nov 2018 - 09:34

Ria Kraa is de nije haadredakteur fan it Friesch Dagblad. Kraa wie al tegearre mei Jitske Leidelmeijer ynterim-haadredakteur, nei't Hildebrand Bijleveld dit jier fuort gie. Bijleveld wie de opfolger fan Lútsen Kooistra.

Foto: Twitter

Kraa wurket sûnt 1995 by it Friesch Dagblad en hat ferslachjouwer west en wie sjef fan de regioredaksje. De lêste jierren wie se einredakteur fan de sneonsbylage Wykein.

Kraa begjint op 1 desimber as haadredakteur.

(advertinsje)