LIVEBLOG: Saak tsjin skipper Amicitia om deadlik ûngelok yn Harns

16 nov 2018 - 17:13

De skipper fan sylskip Amicitia moat him freed foar de rjochter ferantwurdzje foar it ûngelok op syn skip yn Harns. By dat ûngelok yn augustus 2016 kamen trije Dútsers om it libben doe't de mêst ôfbruts en op de passazjiers terjochte kaam. De 53-jierrige skipper út Stiens wurdt ferfolge foar dea troch skuld. Ferslachjouwer Remco de Vries sit yn de rjochtseal en folget de saak.

17:13
Sitting en liveblog sletten

De harksitting oer de Amicitia is ôfsletten. Tsjin de fertochte is in wurkstraf fan 200 oeren easke en trije moannen selstraf ûnder betingst. Wy slute no ek ús liveblog. Tige tank foar it folgjen.

16:49
Fertochte

De fertochte is oan de ein fan de harksitting yn triennen en seit ûnder oare dit: "Ik weet niet wat ik had kunnen doen om dit te voorkomen. Het ongeval had immens trieste gevolgen. En ik realiseer me dat ons verdriet in geen enkele verhouding staat tot wat de nabestaanden van de slachtoffers meemaken." De sitting wurdt no ôfsletten.

16:26

Van der Goot: "Noodlottige ongevallen kunnen ontstaan zonder dat er sprake is van schuld." Hij wol frijspraak. No mei de offisier fan Justysje reagearje.

16:02

Mêstemakker is gjin beskerme berop, seit de advokaat. Der wurke in timmerman mei ûnderfining oan de reparaasje fan de mêst. It fuortheljen fan de plaat en de reparaasjes kin hiel goed gebeurd wêze op it stuit dat de fertochte net mear op de werf komme mocht. Hy wist der ek neat fan. "Wat kan je de cliënt dan nog verwijten", freget Van der Goot him ôf. De timmerman hie trochpakke moatten, doe't hy skimmel fûn op it plak dêr't letter de mêst bruts en dochs op ien of oare wize de fertochte ynformearre moatten. Van der Goot set in fraachteken by it feit dat de saak fan de timmerman seponearre is.

15:36
Tjalling van der Goot

Tjalling van der Goot is de advokaat fan de fertochte. "Diverse uitgewerkte verwijten in de tenlastelegging staan niet in relatie tot het ongeval", seit hy. En 'grove nalatigheid' falt net te bewizen. De offisier fan Justysje hat trouwens ek oanjûn dat it om in lichte foarm fan ferwytberhied giet. Is ferbjustere dat der sa maklik omgong wurdt mei it feit dat de mêst sertifisearre wie nei in keuring yn de 2012 en dat der yn 2014 nochris nei sjoen is. Syn kliïnt hat alles dien wat er dwaan moast. Dat dy keuring achternei ûnfoldwaande wie, is in probleem fan de brânsj of de keuringsynstânsje.

15:08
De eask

Tsjin de fertochte wurdt it foljgende easke: wurkstraf fan 200 oeren en trije moannen selstraf ûnder betingst.

14:25
Offisier fan Justysje

De offisier fan justysje makket in gearfetting fan wat der neffens him gebeurd is. Gong om in groep fan tolve minsken. By it binnenrinnen fan de Harnzer haven is de foarste mêst ôfbrutsen. Twa man binne gelyk ferstoarn. De tredde yn de earmen fan syn heit. Op 8 maaie 2012 is der in sertifikaat oant 2018 ôfjûn foar de mêsten. Dat hie maksimaal 2,5 jier lang wêze mochten. Op 2 juli 2014 hat der wer in keuring west, wêrby't de mêsten oerein op it skip stienen. Mar der is foaral sjoen nei de 'tuigage'. Net de mêst. Dat wie ek dreech troch de laach beits op de mêst.

Trije oare minsken dy't oan de mêst wurke ha, wurde net ferfolge. De timmerman hat ferklearre dat hy yn it programma Hea by Omrop Fryslân sjoen hat hoe mêsten reparearre wurde. Hy hie gjin ûnderfining mei mêsten. In bettere ynspeksje hat hy net dien, omdat der noch in keuring komme soe en omdat de fertochte sels ek in timmerman is. Op it plak dêr't de mêst brutsen is, wie 70 oan't 80 prosint fan it hout rot. Der hat seker fjouwer jier lang ynfloed west fan wetter en de rotterij hat sa'n twa jier duorre.

De fertochte moast en koe oars hannelje. "Verdachte is als eigenaar en schipper verantwoordelijk voor technische staat van het schip. De staat van de mast was zo slecht dat het schip niet als charterschip gebruikt kon worden", seit de offisier fan Justysje. Dy leaut de fertochte as hy seit dat hy net wist dat it sa min gong mei de mêst. Mar hy hie it al witte moatten!

Doe't de mêst lakt waard, wiene der tsjustere plakken te sjen en der wie in reparaasje op dat plak dien dy't derop wiisde dat der wol wat oan'e hân wie. Of it al of net te sjen wie, docht der ek net altiten ta. Je kinne der ek op in oare wize achterkomme.

It wurdt de fertochte ferwiten dat hy net foldwaande tafersjoch hâlden hat op hoe't syn mêsten der oan ta wienen. En hy is net yn aksje kaam doe't der minne plakken fûn waarden. De trije minsken dy't it wurk dienen wiene ek net foldwaande saakkundich. Hy hie de reparaasjes dy't wol plak fûn ha boppedat melde moatten. It skip is nei 2015 wol keurd, mar net de mêsten. "Hij had anders moeten handelen."

14:10
De persoan

De saak giet fierder. It giet no oer de persoan fan de fertochte. Hy wie 25 jier lang beropsskipper, mar dat wol no net mear. "Ik heb nog een paar tochtjes gemaakt. De vertrouwde skyline van Harlingen is een vijand geworden. Ik heb het nooit als werk ervaren, maar dat is over." Hy ferhiert it skip no stillizzend. De fertochte: "Het hakt er enorm in. Als ik Christiaan Halm hoor. We hebben elkaar die dag omarmd. Het was gewoon een hele fijne groep. Het is gewoon onbeschrijfelijk." Hoe hij hun leed omschrijft, daar is geen woord van overdreven."

Rjochter freget wat hy derfan fynt en hy toant dêr begryp foar. Hy is lulk oer it ûnrjocht wat dizze famylje oandien is. "Het had ook mijn familie kunnen treffen", seit der, want koart dêrfoar wie hy noch op 'en paad mei syn eigen famylje. Der is stipe fan de kollega's. "De hele vloot krijgt er in zekere zin ook van langs. Dan is het makkelijker om een schuldige aan te wijzen. Dan kunnen we allemaal weer verder. Ik begrijp het allemaal wel."

Hy fynt it lêstich, mar ek wol goed dat der no in útspraak komt. Foar himsels en de hiele brânsj. It hat in skok west foar de sjartersektor: "Er zijn nog nooit zoveel masten vervangen." Oer hoe't hy him fielt: "Ik vind het ongepast om hier een slachtofferrol aan te nemen."

12:56
Christiaan Halm

Neibesteande Halm lit syn tolk in ferklearring foarlêzen. It skip hie net de goeie ûntheffing, seit er. De partij dy't net terjochte in sertifikaat foar seis jier ôfjoen hat foar de mêst, moat ferfolge wurde, fynt hy. Fertochte hat de opdracht net oan in saakkundige joen, omdat hy jild besparje woe, sa is de beskuldiging. De reparaasje wie net goed en der binne 'ongeborgde' skroeven brûkt en hy hat ferrotte plakken oerfervje litten.

Trije húshâldingen binne ferwoaste. seit de neibesteande. De famylje hat bot te lijen hân. In soad bern krije spesjalistyske help. Syn soan is yn syn hannen ferstoarn. Hy fertelt ek hoe't hy de lichamen fan syn broer en freon der hinne leinen. Hy wol in finzenisstraf sûnder betingst en in libbenslang ferbod om passazjiers te ferfieren. Der wurde in soad ynternasjonale saken neamt, wêrby't kapiteins ta lange finzenisstraffen feroardiele binne. Der wurdt no skorst oant en mei 14.00 oere.

12:34

De fertochte mei no reagearje op wat de tsjûgen sein ha. De soarch dy't de timmerman útsprekt oer de tastân fan de mêst, heart de fertochte no foar it earst. Dat de mêst keurd wurde soe, kin goed. Dêr wie hy mei dwaande. Der soe in forkheftruck tsjin de mêst oan riden hawwe, mar dêr wit de fertochte neat fan. Der is ien ferklearring, fan hearren en sizzen, fan immen dat de rotterij yn de mêst sitte soe. De fertochte wit dêr neat fan. "Het is een vaartuig uit de onderkant van de markt", hat de ynspekteur fan register Holland noch ferklearre. De mêst is yn 2014 noch troch dy inspekteur besjoen, seit de fertochte. Hy hat net de moaiste skippen, mar hy ûnderhâld sy wol goed, is fierder noch ferklearre út it keuringsbedriuw wei. It giet dus no oer de reputaasje fan de fertochte.

De mêst is úteinlik brutsen op 13,5 meter hichte. Op it breukflak wie it hout bot oantaaste troch skimmel. Kaam troch ynwettering en omdat it hout dêr, achter in metalen plaat, net goed drûget. It hat seker twa jier lang duorre, foardat it sa min waard. Normale belêsting fan it syljen wie al genôch om de mêst brekke te litten.

Trefwurden: 
ûngelok rjochtsaak Amicitia
(Advertinsje)
(Advertinsje)