Wim stroetinga stiet tredde yn de 'Zesdaagse' fan Gent

In dei nei't Wim Stroetinga fan Terwispel en syn maat Yoeri Havik sakke wiene nei it fiifde plak, binne sy wer wat opskood. It twatal stiet no tredde yn de 'Zesdaagse' fan Gent.
Sy ha no 111 punten en stean noch yn deselde ronde as de nûmer ien en twa. Op de tredde dei waard de twadde ploechkoers ôflast nei in falpartij.
Stroetinga en Havik waarden ferline jier tredde. De Fries waard yn 2011 en 2013 ek al twadde.
It is de 78e edysje fan de 'Zesdaagse' fan Gent.