Nije gemaal Fiifhuzen wurdt iepene mei teäterfoarstelling

De Heining; sa hjit it nije gemaal bij Fiifhuzen. Tongersdeitejûn is it iepene. Dat barde net mei in lint, mar mei in teäterfoarstelling dêr't goed tûzen minsken op ôf kamen. It is in bysûnder gemaal. Net allinnich omdat it in hiel karakteristyk ûntwerp hat, mar ek troch de betsjutting derfan foar fisken dy't sawol yn see as yn it swiete binnenwetter libje wolle.
Iepening nije gemaal Fiifhúzen
Der is foar soarge dat fisken fan beide kanten foarby de dyk komme kinne. In hiele lange slink troch it Noarderleech dy't hieltiten breder wurdt, soarget derfoar dat sâlt en swiet wetter hiel stadich yn elkoar opgean. Soks bestie noch net yn it noarden fan Nederlân.
It gemaal is ek bysûnder trochdat der nochal wat tebeksetters wiene. Net eltsenien wie en is derfan oertsjûge dat it gemaal der komme moast en op dizze wize. Dat hat nochal wat juridyske prosedueres opsmiten. Boppedat wurket it waar net altiten mei.
Ferslachjouwer Remco de Vries wie by de iepening fan it gemaal
De komst fan it gemaal hat ek alles mei it waar en klimaatferoarings te krijen. As it reint, giet it hieltiten om hiele fûle buien. En Fryslân hie in tekoart oan maalkapisiteit om by in hiel soad rein al it wetter op tiid fuort te krijen. Dit gemaal moat dat oplosse. De Heining hat sa'n 15 miljoen euro koste.