Kollum: "Apenútsaus"

"Ik mei graach nei 24 Kitchen sjen. It is rêstjouwend en ik krij der ek noch ynspiraasje fan. Itensiede is aardich, mar om alle kearen wat te betinken, fyn ik minder.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
Jamie Oliver is ien fan myn favoriten en hy brûkt faak âlde pannen. Fan dy oankoeke suterige pannen dy't we allegearre wol yn 'e kast ha, mar eins nea yn in film sjogge of sa.
It kin Jamie neat skele en hy kin ek sa hearlik oeral mei de hannen yn sitte en swetse oer syn eigen keunsten. Ik ha ek ris in searje sjoen oer in jonge kok dy't elke útstjoering op besite gong by in beppe yn Italië. Bylden fan gesellige keukens ôfwiksele mei bylden fan it prachtige Italië diene my efkes alles ferjitten. Thús op fakânsje, sûnder echt te reizgjen. Mar wol reizgje yn 'e geast en sadwaande ha ik al op in soad plakken west.
En lêst kaam ik samar by Nigella yn 'e keuken telâne. No, dy kin der ek wat fan! As it oer Nigella giet, giet it al gau oer 'foodporn' en dat begryp ik wol. Se sjocht der sûn út, kreunt wol gauris as se wat lekker fynt en se hâld fan 'hot'. Se slikket de leppels ôf op in manier dêr't ik fan tink dat in soad manlju graach dy leppel wêze wolle en se slacht yn 'e slachrjemme om mei sopjende lûden dy't close-up yn byld brocht wurde.
Mar wat makket se lekkere dingen klear en it is wer ris wat oars as al dy graatmeagere foodies mei harren goijbeien en griene smoothies. Net dat dêr wat mis mei is want ik meitsje ek wol gauris in griene smoothie mar ik mei, krekt as Nigella , ek graach bakke yn 'e boerebûter en ik mei noch mear oer sûkeladetaarten mei slachrjemme dêr't foar in healjier oan kaloryen yn sit.
Dochs is it net allinnich Nigella sels dy't itensieden seksy makket, want de Ingelske taal hat dêr ek in grut oandiel yn, fyn ik. 'Hmm, I like it hot', heart oars as 'Hmm, ik mei der graach oer as it hyt is.' Dan tinkst dochs earder oan it waar of oan hite tee ynstee fan oan seks? 'Hot chicks' fyn ik ek hiel wat oars as 'hite pykjes'. Hite pykjes binne begrutlik, dêr soest de dierebeskerming om belje kinne.
'I am in the mood for some juicy food' is net itselde as 'Ik ha nocht oan soppich iten.' As Reitse soks sizze soe, dan soe ik oan snert tinke, want dat fyn ik letterlik 'soppich' iten. Nigella hat it wat dat oanbelanget in stik makliker as Reitse om wat mear seks yn 'e keuken te bringen, mar dat is miskien mar goed ek.
Myn lêste kollum gong deroer dat it libben en situaasjes ynienen samar feroarje kinne en as't ûnder it frijen oan patat tinkst ris besykje kinst om dyn partner yn te smarren mei mayonêze, pindasaus of curry, want dan wurdt de seks miskien ynienen wer lekker. Mar myn kollums wurde altyd neisjoen op flaters en doe hawwe se fan pindasaus 'apenútsaus' makke!
Ik kaam net mear by doe't ik it lies. Apenútsaus! Mei it wurd allinnich al hellest de hiele eroatyske lading út wat op himsels bêst wol ris in eroatysk snackmomint wêze kinnen hie. Dan meitsje ik der leaver 'peanut butter' fan, want Friezen en bûter is wol in goede kombinaasje en Friezen dy't as bûter binne, binne ornaris ek hyt en soppich. 'I am like butter' dekt de lading dan net.
'Bûter brea en griene tsiis, nei de seks sit myn hier yn 'e tiis!' soe grutte Pier wol sizze."