Fryslân is in Jonge Denker des Vaderlands riker - en se is noch mar 17

16 nov 2018 - 07:37

De 17-jierrige Line Hut fan Ljouwert is ferkeazen ta ien fan de Jonge Denkers des Vaderlands. Dy titel hat se krigen troch in wedstriid, dy't organisearre wurdt foar middelbere skoalbern mei filosofy yn harren fakkepakket.

De 'denker' - Foto: Pixabay

De dielnimmers moasten in essay skriuwe oer perfeksje. Line waard ferkeazen mei har essay oer it 'pragmatisme yn de kontekst fan it stribjen nei perfeksje'.

Wat se dêrmei sizze wol, is dat minsken net tefolle stribje moatte nei perfeksje. "Je moatte praktysk wêze. 'Goed genoeg is niet per se matig', is de namme fan it essay", seit Hut.

"Ik lis út dat it net min is, as je it goed genôch dogge. Kinst perfeksje wol benaderje, mar moatst der net gelyk fanút gean. Dan kinst yn panyk reitsje."

Hut giet 27 novimber nei Amsterdam. Dêr moat se in taspraak hâlde en wurdt der sjoen yn hokker kategory - skriuwers of praters - Hut yndield wurdt.

(advertinsje)