Twa frachtskippen binne boppe Skiermûntseach op elkoar fearn

Boppe Skiermûntseach binne tongersdeitejûn twa frachtskippen op inoar fearn. It giet om de Nederlânske Eems Cobalt mei 5 opfarrenden en it Turkse skip Paksoy 1 mei 16 opfarrenden. Beide skippen ha skea.
De lokaasje fan de frachtskippen boppe Skiermûntseach. © Marine Traffic
By de oanfarring binne beide skansearre rekke. Troch de klap kamen de skippen yn mekoar fêst te sitten. Se binne no los fan mekoar. It Nederlânske skip Eems Cobalt hat in gat oan de stjoerboardkant en is ûnder begelieding fan sleepboaten en in rêdingsboat ûnderweis nei de Eemshaven.
It Turkse skip Paksoy 1 hat skea oprûn oan de boech en bliuwt foarearst foar anker lizzen yn Dútsk wetter. Beide frachtskippen lykje neffens de Kustwacht stabyl. Der binne gjin minsken ferwûne rekke en der is ek gjin sprake fan lekkaazje.
Om't de oanfarring yn Dútske wetteren - 22 kilometer boppe Borkum - wie, wurdt de helpferliening troch de Dútske kustwacht dien.
Ferskate skippen binne stand-by om help te ferlienen, mocht it misgean, lykas in skip fan rederij Wagenborg en in sleepboat fan rederij Noordgat op Skylge.