Durk Pool dochs heger op VVD-list Provinsjale Steaten: "Ik ha der 14 dagen pine yn it liif fan hân"

15 nov 2018 - 23:10

VVD-Steatelid Durk Pool komt op nûmer 4 fan de list fan syn partij foar de Provinsjale Steateferkiezings yn 2019. Yn 2015 stie er op nûmer 3, mar earder waard hy foar dizze ferkiezings op nûmer 13 set. Dêr wie der it absolút net mei iens. Hy besocht dêrop it bestjoer te oertsjûgjen dat se in flater makke hiene. Dat hie súkses.

Durk Pool - Foto: VVD

"Ik ferwyt net ien wat. De kar om my op nûmer 13 te setten, wie ek in kar dêr't goed oer neitocht is. Mar ik wie it der net mei iens. Ik bin noch net klear yn de Steaten", sa fertelt Pool. "Ik ha der fjirtjin dagen pine yn it liif fan hân. Ik bin hjir hiel bliid mei." Op it stuit hat de VVD fiif sitten yn de Provinsjale Steaten.

(advertinsje)