Hearrenfean bekeret yn stadion Telstar tsjin ODIN'59

15 nov 2018 - 23:04

Sportklup Hearrenfean spilet de bekerwedstriid tsjin ODIN'59 yn it stadion fan Telstar yn Velsen. De wedstriid is op woansdei 19 desimber en de winner giet nei de kwartfinale fan de KNVB-Beker.

Foto: www.orange-pictures.nl

Om't FOX Sports de wedstriid live útstjoert op telefyzje, is der in goede ljochtynstallaasje nedich. ODIN'59 hat dat op it eigen sportpark yn Heemskerk net. Dêrom is besletten om de wedstriid yn it Telstar-stadion te spyljen.

De bekerwedstriid fan Hearrenfean tsjin de klup út de tredde difyzje begint 19 desimber om 18:30 oere.

(advertinsje)