Gemeente Waadhoeke: REC moat technysk trochljochte wurde

15 nov 2018 - 22:49

De gemeenteried fan Waadhoeke hat unanym in moasje oannaam om te pleitsjen foar it folslein trochljochtsjen fan ynstallaasje fan de REC. Waadhoeke sil dêrfoar pleitsje op de earstfolgjende oandielhâldersgearkomste. Waadhoeke is, lykas hast alle oare Fryske gemeenten, oandielhâlder fan de REC, mar Waadhoeke leit fansels ek flakby Harns. De gemeenteried fielt him ferantwurdlik foar de útstjit dy't geregeld út de piip fan de ôffaloven yn Harns komt by steurings.

De ôffaloven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dêrmei is Waadhoeke solidêr mei de gemeente Harns, dy't earder sels pleite foar it tydlik stillizzen fan de ôffaloven no ris goed nei te sjen. Al moannen lang hat de REC steurings, wêrby't grutte gaswolken út de oven komme. Der wurdt fan sein dat de gassen net skealik binne, mar de Harnzer befolking is der net gerêst op. Boppedat hat der ek geregeld stankoerlêst west.

Waadhoeke is de earste gemeente nei Harns dy't sa'n moasje oannimt om Omrin oan te setten ta aksje. De ried fan Harns stjoerde koartlyn in brief nei alle oare gemeenterieden mei it fersyk om Harns te stypjen. Waadhoeke hat dat no dien.

CDA-riedslid Karin Nammensma hat argewaasje fan de steurings by de REC

Trefwurden: 
Harns REC Omrin Waadhoeke
(advertinsje)