Skipper Amicitia freed foar de rjochter om deadlik ûngelok

16 nov 2018 - 06:42

De skipper fan sylskip Amicitia moat him freed foar de rjochter ferantwurdzje foar it ûngelok op syn skip yn Harns. By it ûngelok yn augustus 2016 kamen trije Dútsers om it libben doe't de mêst ôfbruts en op de passazjiers terjochte kaam.

Foto: Camjo Media

De 53-jierrige skipper út Stiens wurdt ferfolge foar dea troch skuld. It Iepenbier Ministearje fynt dat de skipper ferantwurdlik is foar it ûnderhâld oan it skip en stelt dat er dêryn neilittich west hat.

Ut ûndersyk die bliken dat der sprake wie fan houtrot oan de mêst. De skipper hie rekken hâlden mei ferfolging, mar neamde it beslút fan it IM om him te ferfolgjen dochs 'in klap'.

Trefwurden: 
ûngelok rjochtsaak Amicitia
(advertinsje)