Bakje kofje foar in stellen PvdA-poster

15 nov 2018 - 22:25

Wa't in ferkiezingsposter fan de PvdA Noardeast-Fryslân meinaam hat, kin dy takom sneon yn ruil foar in bakje kofje wer ynleverje by listlûker Gryte Schaafstal. De ôfrûne wike ferdwûnen hieltyd posters fan de iennige froulike listlûker. De lanlike PvdA-foarman Lodewijk Asscher rôp al yn in filmke op om de posters hingje te litten.

Foto: Koos Scherjon

De PvdA hie 250 posters ophongen yn de nij te foarmjen gemeente. In diel dêrfan waard dus fuorthelle. Wa't se takom sneon werombringt, krijt net allinnich in bakje kofje, mar ek in sinjearre, lytser eksimplaar.

Fan 1 jannewaris ôf geane de gemeenten Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel mei mekoar fierder as Noardeast-Fryslân. De gemeente Dantumadiel hat lang meidien oan de fúzje, mar bliuwt selsstannich. Op 21 novimber binne der ferkiezingen yn de trije weryndielingsgemeenten.

(advertinsje)